At ut niet lukt, dan lukt ut niet

De Lytse PC fan 2016 sil net de skiednis yngean as de meast ûnferjitlike keatspartij. Dat kaam net yn it leste plak troch de meagere dielnimmerslist fan mar tolve partoer. Nei it djiptepunt fan 2015 mei mar fjirtjin partoer wie dit op ‘e nij in sinjaal dat der oan de Lytse PC wat feroarje moat. Want by de tolve partoer wienen ek noch in oantal dy’t mei in oare maat kamen as op de lottingslist stie. Ûnferjitlik om’t it mooglik de leste kear wie dat dizze partij organisearre waard? Neffens de wurden fan deifoarsitter Hans de Boer perfoarst net. “We sille der oer neitinke hoe’t we fierder moatte, mar De Lytse PC bliuwt”. Dat wie dan wol wer ûnferjitlik. 

Keatsfilosoof  Ald haadklasse keatser Arie den Breejen (43) hie stelt mei Chris Wassenaar en Jan Hospes. In sterk gelegenheidspartoer dat op foarhân al in finaleplakje tabedield waard. Dat like yn de earste omloop ek hielendal wierheid te wurden. De tsjinstanner struide kadootsjes mei bûtenslaggen en binnen in heal oere wie de partij beslikke. 5-0 en 6-4. De twadde partij fan dizze earmerke favoriten gie net sa maklik. Chris hie in minne rite oan de opslach en it ek net mislike partoer fan Jelte P. Dijkstra, Hendrik J. van der Velde en Evert P. Tolsma kaam sels mei 5-3 foar. It slagge Chris efkes net! It ûntlokke Arie den Breejen de Cruyffiaanse útspraak: “At ut niet lukt, dan lukt ut niet”.      Mar doe liet dyselde Arie den Breejen sjen dat er it keatsen noch net ferleard wie. Mei in tal hiele knappe boppeslaggen en dito tuskenspulaksjes soarge hy dat syn partoer yn de race bliuwde. Jelte Pieter Dijkstra koe syn opslach te min ferlizze en te faak kaam de bal by Den Breejen dy’t der wol rie mei wist. It ein kaam op 5-5 en 6-2 doe’t Jan Hospes kearde foar de keats. At ut lukt, dan lukt ut!    Yn de tredde omloop moasten Den Breejen cs doch belies jaan. Se kamen noch wol mei in earst foar, mar troch mear dan foartreflik opslachwurk fan tsjinstanner Michiel Scheepvaart seagen se dernei tsjin in 4-1 efterstân oan. It waard noch wol 4-3 mar dêrmei wie de tank leech. Op 5-3 en 6-4 hie opslagger Scheepvaart sukses mei in hege efterynse bij Jan Hospes en wie de partij dien. It waard foar Arie cs yndie in spultsje fan: ‘At ut niet lukt, dan lukt ut niet    Finale  De finale waard spile tusken it partoer Michiel Scheepvaart, Kees van der Schoot en Klaas Pier Folkertsma tsjin Feiko Broersma, Michel van der Veen en Aloys Freitag. It soe in aparte partij wurde mei sterk wikseljende kânsen. Partoer Broersma rûn mei degelik spel út nei in 4-1 foarsprong. Mar doe’t op 4-1 en 6-6 Feiko it perk miste, wurke dat as doping foar mei namme Michiel Scheepvaart. Hy krige syn opslach better ûnder kontrôle en fjurre syn maten oan. Dat dy fertúten want se rûnen yn in ruk troch nei de winst. Alteast dat like sa doe’t se mei 5-4 en 6-2 op machpoint stienen. Mar de partij soe dochs kantelje. It waard fiif earsten gelyk en doe’t Aloys Freitag dêrnei twa ballen oer de boppe sloech, knapte it by de tsjinstanner. It ein kaam op 5-5 en 0-6 doe’t Michel van der Veen kearde foar de keats. Dyselde Michel van der Veen waard ek mei algemiene stimmen útroppen ta kening fan de 66ste Lytse PC.      Janse Skaal en âlde krigers  It wie spitich om te sjen dat de keatsers einliks hielendal ferjitten wienen om de koppen by inoar te stekken foar it útrikken fan de Janse Skaal. In skaal dy’t ea ynsteld is troch de keatsers om de meast trouwe besiker fan earste klas partijen te earen. Dochs namen Michiel Scheepvaart en Feike Broersma de ferantwurdlik op harren om út namme fan de keatsers Laas van Straten út te roppen ta supporter fan it jier. De Janse Skaal en in attinsje sil him noch besoarge wurde.   Moai wie de oanwêzichheid fan Tonnie de Vries en Wop de Groot. Harren tredde maat Meindert Fritsma libbet net mear, mar hja wienen mei gollens yngean op de útnoeging om nei fyftich jier harren winst op de Lytse PC nochris oer te eidzjen.  Soe der oer fyftich jier noch in Lytse PC wêze dêr’t de winners fan 2016 op ‘e nij yn it sintsje setten wurde?     Theo Kuipers

Geplaatst op 11 September 2016